Skip to main content

Toneelrepetities in volle gang

Onze toneelvereniging "Nieuw Leven" is weer volop aan het repeteren van het nieuwe toneelstuk dat op 1 en 2 maart zal worden uitgevoerd.  


Toaniel leafhawwers,

De hjerst hat it wer fan de simmer oernaam. It reint dat it eazet mei somtiids een reinbôge oan’e loft. Tiid foar ús om as Toanielselskip wer te starten mei in nij toanielseizoen. Nieuw Leven sil foar jim it toanielstik “It Perron” op’e planken sette.

 “It Perron” is in Blijspul fan Froukje Annema,

tekstaktualiserring dien troch Daam de Vries

20231116 202130

Koarte ynhâld,

Op it perron fan in middelgrutte stêd hat Eelke in blommenkiosk en Arjen in kiosk mei lektuer en snobbersguod. Marie sit dêr bij as sûkerskjinne toiletjuffer. De manlju kinne net mei elkoar troch ien doar omdat Arjen yn it ferline Eelke in minne streek levere hat. Eelke hat koartlyn syn frou ferlern en hat wer ynhâld fûn by Ria, dêr’t er och sa fereale mei is. Syn dochter slacht om mei Jelmer, de soan fan Arjen, ta grutte argewaasje fan de beide heiten. Se besykje de jongelju útinoar te spyljen troch Jenny as ‘au pair’ nei Ingelân te stjoeren, mar as dy ûnferwachts earder weromkomt begjint it earmelijen op’e nij. Mar mei help fan Marie komt úteinliks alles op syn poadsjes telâne.

20231116 202151

De rezjy is dit jier wer yn hannen fan regiseusse Janet Rekker út Menaam. Yntusken is se aardich thús bij ús selskip. Troch har enthûsiasme hawwe we der ek wer alle fertrouwen yn dat dit jier wer in prachtich en gesellich toanielseizoen wurde sil.

Dit jier meie we in 6 tal nije spilers wolkom hjitte. Anne Marije Peeringa, Anna Bakker en Ylse Postma hiene ôfrûne jier al in figuraasje rol mar nou sil it foar it echie. We binne fansels tige wiis mei dizze dames. Moai dat de jeugd ek har wei nei ús selskip fûn hat. Gryt Hellema wennet nou alwer een oantal jier yn Ingelum en dit jier sil se foar it earst meispylje. Sa ek foar Jildou Postma sil it har earste kear wurde. Minke Haagsma de benjamin fan it stel mei ek har earste stappen sette op it poadium. As selskip kinne we allinne mar grutsk wêze mei dit oantal nije spilers. We hoopje dan ek dat jimme allegear in soat wille belibje meie oan it toanielspyljen. En dat jimme jim snel thús fiele bij ús selskip.

20231116 202201

Nijsgjirrich wurden? De útfierdata binne op freed 1 en sneon 2 maart 2024 yn Doarpshûs Skerne Wibe te Ingelum

Notearje dizze data alfêst yn jim aginda!

Fierdere ynformaasje folget yn it jannewaris nûmer fan Doarp en sport, engelum.com. en facebook.

Graach oant sjen op ien fan de útfieringsjûnen yn Ingelum!!

It bestjoer.






Deel deze pagina ook op sociale media.