zaterdag, 05 mei 2018 15:53

Toanielselskip utstapke



1

Om tolfe oere sammelje we by it Doarpshús, om dêrnei ôf te setten nei Earnewâld.



1b

De buienradar hat oanjun dat we noch in buike krije, maar dat it dan droech wurde sil.

Ûnderweis reint it dan ek aardich. Yn Earnewâld klearet de loft moai op. It sintsje komt der sufer noch efkes troch.


2

3

Se hawwe al een tafel foar ús klearstean.


4

5

6

We wurde hertlik úntfongen. We begjinne de midje mei in bakje kofje as tee mei in lekker stik gebak fansels.

Ûndertusken wurd ús it program útlein.


7

8

9

We sille earst mei in elektryske sloep op paad. Der leit in moaie route troch de Alde Feanen foar ús klear yn de sloep.

Der is ek besletten dat de manlje en froulje elk wol mei in sloepke op paad kinne.

As alle froulje it dêr nou gelyk mei iens binne litte we mar achterwege……



10

Aaltje en Helga sjoche it yn ieder gefal hielendol sitten.


11

12

13

Al snel farre we troch it prachtich moaie natuergebiet.


14


15

16

17

18

19

20

21

Nei goed twa oeren faren lizze wer oan by ús begjinplak.


22

23

Nei dizze tocht hawwe we wol in koarte pauze mei in buorrel fertsjinne.  Ek mutte de measten efkes nei it húske.

Dêrnei op nei ús twadde aktiviteit.


24

In les bôgesjitten.


25

26

Nei dat we in oantal oanwizingen krygen hawwe meie we sels los.


27

28

29

30

31

32

33

.34

36

Nei dat we wat oefene hawwe, wurde we yn groepkes ferdeeld.Wa sjit de ballon lek?

It lyket miskien allegear net sa dreech te wêzen, maar dat blykt wol oars.

Wêr de ien it wol aardich snel troch hat en punten sjit, sjit de oar alles mis, as yn it blazoen (puntenbord) fan de tsjinstander.


37

38

Oan it ein fan de wedstryd wurde de punten allegear by elkoar optelt. It is een close finish maar it team fan Hibbe hat wún.


39

Se krije in doaske mei bonbons. Deze ite we fansels gelyk op mei syn allen.


40

Úndertusken binne we wol wat kâlt wurden en krije we wol sin oan wat.


41

Lokkich krije we binnen furt wat lekkers oanbean.


42

43

Nei it apperatief stiet der in BBQ buffet foar ús klear.


44

45

46

47

48

We krygen as ôfsluting noch in lekker neigesetsje……..It wie blykbaar sa lekker dat de fotograaf pas in foto naam doet it allegear al op wie. In goed teken tinke we dan mar.


49