Ús  útfierings sitte der wer op.We belibben in leuk en tige gesellich winterskoft, mar yn it sicht  fan ‘e haven rûnen wy swiere avery op. In spilster diet krekt foar de útfierings, tusken noas en lippen troch, witte lit dat sy de lêste repetysjejûn net oanwêzich wêze kin en in regisseur diet dieselde jûns op inselde wize witte lit dat hy by de generale en by de earste útfiering net oanwêzich wêze kin, soarge foar in behoarlike domper op dit repeytysjeseizoen. Foar it slagjen fan in útfiering is it wichtig dat els en ien de lêste moanne oanwêzich is en derien past net om op in dergelike wize ôfberjocht te jaan. Tige spittig dat is sa rinne mast.

Mar mei it ynlaskjen fan in extra repetysje wienen wy der dan dochs klear foar en setten wy foar jim op 30 jannewaris en 6 febrewaris ûnder rezjy fan Wouter van der Wal út Ljouwert In frou foar Tobias op’e planken. Út de reaksjes nei ôfrin, kinne wy opmeitsje dat dit stik by jim yn ‘e smaak foel. Geweldich dat jim sa manmachtich kommen binne en dat wy jim in noflike toanieljûn besorge hawwe. Der dogge wy it foar!

Ek dit jier koenen wy in nye froulike spiler wolkom hjitte. Carla Schuurman makke har debut op ‘e planken yn Skerne Wibe. Dit jier hy se in lytse rol, mar jim hawwe sjen kinnen dat se takom jier wol klear is foar in gruttere rol.

In wurd fan tank foar Ypie Osinga. Sy hat ein oktober in rol oernomen en wie ree om twa kear in ’e wike fanút Koudum nei Ingelum te riden. Wy hawwe der grut  respekt foar. Foaral mei sa’n winter, gledde dyken en in protte snie, wie it net altiid even makkelik om yn Ingelum te kommen. Mar se wie der en op tiid. Grutte klasse!! Nei ôfrin fan ‘e lêste útfiering krieg Ypie as tank foar har ynspanning in grut bosk blommen mei in dinerbon.

Op ús earste útfieringsjûn koenen wy sa’n 85 belangstellenden wolkom hjitte en op ús twadde útfiering hienen wy in folle seal. Foar oanfang fan ús earste útfiering wie it strie min waar, swiere sniefal en gledde dyken. Dertroch wienen der wat minder besikers as it ôfrûne jier, mar sjoen it  minne waar wienen wy tige wiis mei dit besikers oantal.

Nei ôfrin fan ‘e útfiering op 30 jannewaris  krigen spilers en meiwurkers út hannen fan Ina Boomsma in roas útrikt. Nei ôfrin fan ‘e útfiering op 6 febrewaris hienen Ina Boomsma en Marijke van der Kaay in bysûnder leuk oantinken betocht. Alhiel passend by it stik krigen spilers en meiwurkers in setsje ûnderguod mei der op printe it logo van Nieuw Leven en “In frou foar Tobias 2009/2010”. Dêrnei koenen op beide jûnen de fuotten noch fan ‘e flier op ‘e klanken van de band Terry West út Grins. Nei ôfrin fan ús earste útfiering op 30 jannewaeis rûn de seal spitigernoch gau leech, maar dit hie fansels alles te krijen mei it minne waar. Nei ôfrin fan ús lêste útfiering bleaf mei it soad folk tige gesellich tot djip yn ‘e nacht.

De posters, stooifolders op’e tafels en tagongskaarten binne ek dit jier wer ûntworpen troch Daam de Vries út Bitgum. Daam it seach der wer prachtig út, tige tank hjirfoar.

Ús fêste stipers Bakkery Friso, Bitgummole, Slachter Bart Schuurer, Bitgummole, glêstúnboubedriuw van der Kaay, Berltsum, Smeding griente en fruit, St Annaparochie, Rob’s  túnsintrum, Menaam en Ynstallaasjebedriuw Jan Nicolay út Bitgummole en Deinum wienen ek dit jier wer ree om priizen beskikber te stellen foar ús ferlotting. It docht ús tige goed dat jim it amateurtoaniel in waarm hert tadrage. Wy binne jim hjir tige tankber foar en hoopje dat wy ek takom jier wer op jim rekkenje meie.

Ek dit jier soarge ús lûdsman Gosse Pieter de Vries my syn bedriuw Soundsercvice G. P. de Vries út Ingelum wer foar het lûd. Dit docht hy al jieren fergees en wy soenen sa’n man dan ek graach fêsthâlde wolle. Mar ja, jo binne jong en Gosse Pieter hat grutske plannen. In elts gefal hoopje wy Gosse Pieter, dat Nieuw Leven noch in plakje yn dyn hert hat en dast ek takom jier it lûd wer foar ús fersoargje wolst.

Ek wolle wy Johan de Haan fan FE Lûdproduksjes út Bitgummole en Anne Kamstra út Bitgum hertik tank sizze foar ’t beskikber stellen fan respectivelik needsakelike apparatuer en klaaiing om ús útfierings ta in sukses te meitsjen. Wat soene wy sûnder jim moatte! Wy hoopje Johan en Anne dat wy ek takom jier wer om jim rekkenje meie.

Wy kinne werom sjen op in gesellich toanielseizoen en twa tige slagge útfierings. As bestjoer begjinne wy alfêst mei de tariedings foar it kommende winterskoft en hoopje, jim toanielfreonen, dan wer te moetsjen op ien fan ús útfieringsjûnen.

Oant takom jier!!

It bestjoer.

 

Toaniel foto's 2010

 

Werom